Nij Frysk Museum wol op Saailân

© Omrop Fryslân
It nije Frysk Museum yn Ljouwert moat yn in nij gebou op it Saailân komme. Dat is de útkomst fan in oerlis tusken it museum, arsjitekt Henket, de gemeente en de provinsje. Tiisdeitejûn joegen de partijen iepenheid oer de lêste stân fan saken.
Hoe't it gebou der krekt út komt te sjen is noch net wis. Foar de nijbou leit 18 miljoen euro klear. Dat komt út de neilittenskip fan arsjitekt Abe Bonnema, dy't yn 2001 ferstoar.