GL ûniens mei fergunning Dunlop

© Omrop Fryslân
De riedsfraksje fan GrienLinks fan de gemeente Smellingerlân stimt net yn mei de miljeufergunning foar it bedriuw Fenner Dunlop yn Drachten. De rubberprodusint wol in nije produksjehal bouwe yn it sintrum fan Drachten.
GrienLinks fynt dat it fabryk ferpleatst wurde moat nei it yndustryterrein fanwege it brân en miljeugefaar. De fraksje ferwiist dêrby nei de fjoerwurkbrân yn Enschede.