Nije dykgraaf foar Wetterskip
De 50-jierrige Paul_van_Erkelens fan Holten is foardroegen as dykgraaf foar it nije wetterskip Fryslân. Hy folget dêrmei Togtema op. Erkelens is op it stuit wettergraaf by it wetterskip Regge_en_Dinkel yn Almelo. Hy hat ek boargemaster west fan Winterswyk.
Op 16 septimber wurdt definityf besletten wa´t de nije dykgraaf wurdt fan it wetterskip dat op 1 jannewaris takom jier ûntstiet út de fúzje fan de hjoeddeistige wetterskippen.