Thússoarch mooglik yn de knipe

02 sep 2003 - 00:00

De thússoarch yn Fryslân wachtet mei spanning de plannen fan it ryk ôf. Mooglik wol it ryk sa'n 800 miljoen euro besunigje en wat binne dan de gefolgen. Yn it slimste gefal soe de wurkgelegenheid der ûnder lije.

Nei alle gedachten wurdt de eigen bydrage heger dat is foar minsken mei in leech ynkommen in probleem. Volbeda fan de Friese Wouden yn Drachten is der bang foar dat der minder wurk wêze sil as minsken besunigje op thússoarch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)