Mear amtners by Skarsterlân

© Omrop Fryslân
Skarsterlân wreidet it tal amtners út mei in heale baan. Dat docht de gemeente fanwege de kombinearre belestingheffing dy't ynfierd wurdt. Dat kostet goed 22.000 euro.
Yn de kommisjegearkomste is moandei besluten dat de oanslach foar de ûnreplik guod-belesting tagelyk mei de oanslach foar de belestingen ferstjoerd wurdt. Undersocht wurdt noch oft de belestingen yn seis of njoggen terminen yn it jier heft wurde sille.