Popakademy is noch net klear

© Omrop Fryslân
De Akademy foar popkultuer yn Ljouwert begjint it stúdzjejier mei in tebeksetter. De nije oplieding komt yn it Fryslânhûs mar de ferbouwing is noch net klear. It gebou kin net earder as nije wike folslein ynrjochte wurde.
De fyftich studinten folgje wol de yntroduksje. Se kinne tydlik telâne yn Theater Romein en de NHL yn Ljouwert. Saaklik manager Klaassen is teloarsteld oer de gong fan saken. Se hopet dat it wurk gau klear is.