CHN stipet bûtenlânske stúdzje

© Omrop Fryslân
Studinten fan de CHN moatte mear nei it bûtenlân ta. De kristlike hegeskoalle yn Ljouwert wol wrâldboargers ôfleverje. De CHN hat al tal fan festigingen yn oare lannen lykas Sweden, Amearika, Sina en Súd Afrika.
By de iepening fan it nije akademysk jier woansdei binne gasten út Súd Afrika oanwêzich. Studinten kinne oer en wer fan elkoar leare. Neist ynternasjonalisearring is idealisme ek belangryk by de CHN.