Sans Souci wurdt ferboud

© Omrop Fryslân
Diskoteek Sans Souci yn Berltsum wurdt foar in pear hûnderttûzen euro ferboud. De disko is dêrom ticht oant 3 oktober. Mei de ferbouwing wol de útgeansgelegenheid him mear rjochtsje op de feestmuzyk.
De besteande skyhut wurdt útwreide en it diskopart wurdt lytser. Nij is dat de besikers in pear liter bier bestelle kinne dy't se sels taapje meie. Eigner Dijkstra tinkt dat er dêrmei mear oan de winsken fan de jeugd temjitte komt.