Te min sealromte yn Drachten

02 sep 2003 - 00:00

Sportklubs yn Drachten ha te min romte mei de twa besteande sporthallen. It wurdt dreech om op gaadlike tiden te sporten. Earder kamen de basketbal- en de boksklub yn de problemen. No hat de badmintonklub in probleem. Yn plak fan mear oeren yn de sporthal krige de klub minder.

Neffens Sportbedrijf Smallingerland is it probleem nei 1 maart oer. Dan spylje guon klubs bûten op it fjild. Ek bout de kuorbalklub in nije sporthal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)