Plysje jout sinjalemint

© Omrop Fryslân
Yn it programma Opsporing Verzocht jout de plysje moandei in sinjalemint fan de ûntfierders fan Lusanne van der Gun. De man dy't it famke yn de auto meinommen hat is 50 oant 60 jier en hie in Ajax-treningsjack oan. Hy hie in grize stationauto mei ferskate dûken.
De twadde dieder is in man fan ûngefear sechtich jier. Hy is sa'n 1,70 meter lang en hie in bril mei goudkleurich montuer. De man droech in ljocht oerhimd en in donkere broek.