Wer lûd fan 224 sirenes

01 sep 2003 - 00:00

Om tolve oere moandei ha foar safier bekend alle 224 Fryske alarmsirenes goed te hearren west. Fan no ôf wurde de sirenes, krekt as eartiids, op de earste moandei fan de moanne testen.

De ôfrûne sân jier waard mar ienris yn it jier testen. Ut ûndersyk die lykwols bliken dat minsken it lûd fan de sirene net mear herkenden. Om de attinsjewearde te ferheegjen hat de oerheid besletten de sirenes alle moannen wer hearre te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)