Noch gjin gefaar Fryske diken

© Omrop Fryslân
Yn de Fryske diken binne noch gjin gefaarlike knyppunten fûn, mar de ynspeksjes fan de wetterskippen geane gewoan troch. De ekstra ynspeksjes binne it gefolch fan de eardere dyktrochbraak yn Wilnis.
De Uny fan Wetterskippen makket him benammen soargen om feandiken yn trije provinsjes. Ien dêrfan is Fryslân. Wetterskip Boarn en Klif hat 200 km fan dy feandiken. Der sitte wol droechte- skuorren yn mar dy binne net gefaarlik.