Fryske froulju krije 1,9 bern

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân wurde trochstrings 1,9 bern de frou berne. Fan alle provinsjes nimt Fryslân dêrmei it tredde plak yn. Boppe-oan stiet Flevolân, wylst Limburch it ûnderste plak ynnimt. Dat meldt it Centraal Bureau Statsitiek.
Trochstrings wurde yn Nederlân 1,7 bern de frou berne. Yn 1980 wiene dat 1,6. Fan alle Fryske gemeenten krije de froulju op Skylge it leechste tal bern: 1,2. De produktyfste froulju wenje op Urk mei trochstrings 3,2 bern.