Aris lûkt Amerikaan Erickson oan

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter basketbalferiening Aris hat wer in Amerikaanske spiler oanlutsen. It geit om de 22-jierrige Amerikaan Andy Erickson. Hy komt fan it Bentley College yn Waltham. Hy makket no sneon syn debút by Aris.
It earste team fan Aris spilet yn 'e lanlike twadde divyzje. It ôfrûne seizoen spile de Amerikaan Malcolm Smith by Aris. Dat wie gjin súkses, hy waard yn febrewaris út 'e seleksje set fanwege 'ûnsportyf gedrach'.