Kroes nei fytstocht wer thús

© Omrop Fryslân
Alvestêdefoarsitter Henk Kroes is wer thús. Mei 20 oare fytsers hat hy 12.000 kilometer riden fan Vladiwostok yn Ruslân nei Scheveningen. Neffens de 63-jierrige Kroes foel de meunstertocht ta, al sieten der drege stikken by.
Trije moanne lang bestie it ritme fan Kroes út deis fytse en nachts sliepe yn in tintsje. Syn prestaasje levere 3 ton op foar de bestriding fan polio. Sneon kaam Kroes oan by de finish yn Scheveningen.