Stoflik omskot fermiste man fûn

01 sep 2003 - 00:00

Yn it Frânske Bretanje is snein it stoflik omskot fûn fan de 51-jierrige Sybrandus Nicolaas Brouwer fan It Heidenskip. Brouwer waard sûnt 19 july fermist. Op fakânsje yn Bretanje rûn hy doe nei spul mei syn partner oerstjoer fuort fan de camping dêr't se stiene.

De plysje hat de saak ûndersocht sawol yn Frankryk as yn Nederlân. Speurhûnen fan de Rêdingshûnewurkgroep Westervoort fûnen snein it stoflik omskot. It lei sa'n 400 meter fan de camping.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)