Underskieding foar Van der Iest

31 aug 2003 - 00:00

Dirk Joost van der Iest út Hurdegaryp is snein beneamd ta Lid yn de Orde fan Oranje Nassau. Dat barde nei de tsjinst yn de tsjerke fan de Evangelische Gemeente yn Ljouwert.

Van der Iest is ûnderskieden om't er fan 1975 ôf maatskiplik aktyf is. Hy sit yn ferskate bestjoeren en is lid fan de skaadfraksje fan de ChristenUnie yn Tytsjerksteradiel. Dêrneist hat er in soad wurk dien foar de Evangelische Gemeente, dy't 500 leden hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)