Winst foar De Jouwer

31 aug 2003 - 00:00

De Jouwer hat snein yn de earste wedstriid fan it nije seizoen fuort al trije punten pakt. Yn Babberich wûnen de Friezen mei 3-1 fan Babberich. Dat is in moai begjin foar de klub dy't syn debút makket yn de haadklasse by de sneinsamateurs.

De goals waarden makke troch Johnny Dölle, Johnny de Jonge en Arnold Haanstra. It lêste doelpunt kaam út in strafskop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)