Handikapte bern yn it teater

© Omrop Fryslân
Ferstanlik handikapte bern kinne fan septimber ôf lessen folgje yn muzyk, dûns en toaniel. Rood-Wit-Blauw is de namme fan it projekt foar de bern fan 8 oant en mei 14 jier. It idee komt fan Keunstwurk yn Ljouwert.
Oan de ein fan de lessen jouwe de bern in foarstelling. Yn Snits, Ljouwert en It Hearrenfean kinne de bern op woansdeis les krije. Se wurde begelaat troch profesjonals. It keunstprojekt is in proef dy't by sukses ferfolge wurdt.