'Boargers by polityk belûke'

© Omrop Fryslân
Riedsleden fan Lemsterlân moatte tenei by de gearkomsten fan pleatselik belang fan de doarpen yn de gemeente wêze. Dat is ien fan de advizen út it rapport Boargerpartisipaasje fan de ried.
Doel is om de boargers mear by de polityk te belûken. Fierder moatte temajûnen dêr ta bydrage en moatte boargers de kâns krije om ûnderwerpen op de aginda fan de riedskommisje te setten. De gemeenteried besprekt de foarstellen tongersdei oer in wike.