Gelykspul foar Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys iepene it seizoen mei in gelykspul fan 1-1 tsjin VVOG. De Fryske sneonsamateurfuotballers yn de haadklasse namen op sportpark De Bosk nei santjin minten al in foarsprong troch Sander Hartman.
Nei rêst waard de ploech fan âld-Cambuurtrener McDonald sterker en kaam fertsjinne op gelikense hichte. Beide ploegen misten in strafskop. De besykjende klub einige mei njoggen spilers fanwegen twa reade kaarten.