Sasslûs yn Harns wurdt opknapt

© Omrop Fryslân
De doarren fan de Sasslûs yn Harns wurde opknapt. It ûnderhâld begjint dizze wike en duorret nei alle gedachten de hiele moanne septimber. It giet om in reguliere beurt.
Om it wurk goed útfiere te kinnen, geane de doarren geregeld in skoftke ticht. De skipfeart nei en út de Noarderhaven, Suderhaven en âlde Foarhaven moat alle dagen rekken hâlde mei fertraging fan in heal oere oant in oere.