Fitnessklub Gordyk mei grutter

31 aug 2003 - 00:00

It fitness-sintrum op De Gordyk mei fan it kolleezje fan Opsterlân útwreidzje. It sintrum sit op bedriuweterrein De Overtoom wat eins net bedoeld is foar in fitness-sintrum. Neffens B & W is der yn it doarp gjin goed oar plak te finen.

Om't it plak der't de útwreiding komt foar in part fersmoarge is, moat de eigner de grûn skjin meitsje litte. De gemeenteried moat noch ynstimme mei tastimming foar de útwreiding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)