Man te wetter rekke by Baard

© Omrop Fryslân
In auto is freedtejûn by Baard yn it wetter rekke. De bestjoerder, in 38-jierrige man út Mantgum, koe út de auto komme troch in sydrút yn te slaan. Hy soe doe de plysje belje, mar syn telefoan lei ek yn it wetter.
Hy besleat om nei hûs te rinnen. Yn de tuskentiid hiene foarbygongers de auto yn it wetter lizzen sjoen. Dy warskôgen de plysje. Dy skeakele in sike-auto, in kraan en in dûkploech yn. Letter die bliken dat de auto al leech wie.