'Pardon is gjin oplossing'

30 aug 2003 - 00:00

De problemen mei de opfang fan dakleaze asylsikers moat op 'e nij omtinken krije fan it kabinet. Dat fynt de feriening fan Fryske gemeenten. It kabinet makke freed bekend dat 2200 asylsikers in fergunning krije.

Yn Fryslân sitte in pear hûndert asylsikers fanwege ferskate redenen yn de needopfang. Ut namme fan de feriening wol wethâlder Hemmes fan Skarsterlân witte hoe't dy groep holpen wurdt om werom te kearen nei har lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)