Drokte om bleate pop yn blêd

30 aug 2003 - 00:00

It nijste nûmer fan it evangelisaasjeblêd 'Zondags Nieuwsblad' fan de Fryske sjoernalist en kabaretier Ruurd Walinga is net besoarge yn Rotterdam. In part fan de frijwillige besoargers wegeret it blêd te fersprieden om't der in ôfbylding yn stiet fan in bleate pop.

Walinga hat fernuvere reagearre op de wegering. Neffens him is de pop bedoeld as tsjinbyld fan it hjoeddeiske skjintme-ideaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)