Fredesbrief út Irak nei Ljouwert

© Omrop Fryslân
De moslimmienskip yn Ljouwert hat in fredesboadskip krigen fan de grutste moskee yn Bagdad. De brief mei de oprop ta frede is freed troch dûmny Keizer nei de moskee yn Ljouwert brocht. Imam Onlü naam de brief yn ûntfangst.
It skriuwen komt fan de wichtichste moskee yn Bagdad. De moskee is troch de Amerikanen faak besketten en dêrtroch bot beskeadige. Neffens Keizer wol de befolking yn Bagdad dat de Amerikaanse fredesmacht it lân gau ferlit.