Fragen oer Dunlop yn Drachten

© Omrop Fryslân
It kolleezje fan Smellingerlân moat de mooglikheden foar ferpleatsing fan Dunlop ûndersykje. Dat freget Gemeente Belangen. It rubberfabryk stiet yn it sintrum fan Drachten en wol útwreidzje.
Ek GrienLinks wol witte oft útwreiding tastien wurde moat. De partijen meitsje har soargen oer de feilichheid. Se ferwize nei de ramp yn Enschede en de brân by ATF yn Drachten. It kolleezje hat earder al sein dat Dunlop wat har oanbelanget net fuort hoecht.