Cambuur ûnderoan yn kompetysje

30 aug 2003 - 00:00

Cambuur stiet ûnderoan yn it klassemint fan de Gouden Gids divyzje. De Ljouwerters spilen freed yn Rotterdam tsjin Sparta. Se ferlearen mei 2-0. Op it Kasteel skoarde Mendes da Silva yn de 33e minút. Yn de 63e minút kaam der noch in doelpunt by fan Van den Bergh.

De Ljouwerters hienen neffens trener Dick de Boer wol in punt fertsjinne. De ferdigening by syn ploech wie lykwols net goed genôch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)