Kattehater wer warber

© Omrop Fryslân
Katte-eigners yn Koatstertille hâlde har hert fêst. De kattehater, dy't al trije jier bisten mishannelet, is wer aktyf. Dizze simmer binne der ferskate katten deasketten of swier mishannele. Eigners binne sa benaud dat har húsdier hast net mear allinne nei bûten mei.
Moandei sloech de kattehater wer ta: in kat waard deadlik rekke troch in kûgel. Oeral yn it doarp binne flyers ophongen om de ynwenners op te roppen goed út te sjen nei de kattehater.