Untslaggen by Steinfort glês

29 aug 2003 - 00:00

By glêsfabryk Steinfort yn Frjentsjer ferdwine 17 fan de 130 banen. Dat hat de direksje freed bekendmakke oan it personiel. Op termyn kinne der nochris 14 banen ferlern gean.

Steinfort moat reorganisearje omdat it bedriuw te krijen hat mei in weromrinnende omset en konkurrinsje út it bûtenlân. Yn 'e mande mei de fakbûnen wurdt op dit stuit wurke oan in sosjaal plan foar de wurknimmers dy't dien krije.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)