Proef mei guozzen súkses

29 aug 2003 - 00:00

De proef mei gedoochgebieten foar guozzen liket omset te wurden yn definityf belied. Dat hat freed bliken dien by de presintaasje fan in ûndersyk nei it eksperimint.

Yn ûnder mear Dongeradiel en de Súdwesthoeke fan Fryslân litte boeren guozzen ta op har lân. Dêr krije se in fergoeding foar. De boeren binne posityf en wolle it eksperimint graach omsette yn in fêste regeling. Ek it ministearje fan Lânbou liket foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)