Tips oer keunstwurken

29 aug 2003 - 00:00

De útstalling Herkomst gezocht yn it Frysk Museum hat nije feiten opsmiten oer in tal útstalde objekten. Yn it museum binne keunstwurken te sjen dy't yn de oarloch nei Dútslân gien binne.

De keunstwurken binne nei de oarloch opnommen yn de rykskolleksje. Fan guon wurken is de eigner lykwols net bekend. De reaksjes op de skilderijen binne trochjûn oan it buro Herkomst gezocht. Dat siket út oft de wurken weromjûn wurde kinne oan de eigner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)