Famke swier ferwûne

© Omrop Fryslân
In famke fan tolve jier út Snits is tongersdeitejûn swier ferwûne rekke by in oanriding. Se fytste mei twa oare bern oer de súdlike stedsrûnwei en waard oanriden troch in autobestjoerder út Zaandam.
De man ride by stopljochten troch om't it ljocht grien wie, koe de famkes dy't oerstutsen net mear ûntwike en rekke de tolvejierrige. It swier ferwûne famke is oerbrocht nei it akademysk sikehûs yn Grins.