Ynse Stienstra wint loop Harns

© Omrop Fryslân
Ynse Stienstra fan Wergea hat tongersdei de Fiskerijdageloop yn Harns wûn. De hurdrinner wûn de tocht fan 21 kilometer. Der wiene ek tochten fan 5, 11 en 13 kilometer. Yn totaal dienen der 130 rinners mei.
Twadde op 21 kilometer wie Jacob van der Ley fan Ljouwert. Chris Hamerlink fan Stiens hie brûns. By de froulju wûn Gerrie v.d. Meer fan It Hearrenfean. Sy rûn de tocht fan 13 kilometer. De loop wie organisearre troch SV Fryslân.