FNP wol diskusje oer regiofisy

© Omrop Fryslân
De FNP wol 10 septimber yn De Westerein in iepenbiere diskusjejûn hâlde oer de regiofisy Noardeast-Fryslân. De fjouwer belutsen gemeenten, Kollumerlân, Achtkarspelen, Dongeradiel en Dantumadiel, ha tongersdei oer dy regiofisy praat.
Alle partijen binne posityf oer de fisy, útsein dus de FNP. Dy kinne har net fine yn de plannen foar ûnder oare wentebou, rekreaasje en it befoarderjen fan de wurkgelegenheid.