Mear jonge minsken belje SOS

© Omrop Fryslân
It tal bellers mei de telefoanyske helptsjinst Fryslân, de stifting SOS, is ferline jier tanommen fan 14.000 nei 16.500. Dat is 7% mear as yn 2001. Fierders is it opfallend dat folle mear jongere bellers, yn de leeftiid fan fiifentweintich oant fjirtich jier, help sykje.
Yn oare jierren wiene de bellers meastal âlderen fan boppe de fjirtich jier. Neffens de stifting komt dit om't de helptsjinst hieltyd bekender wurdt.