SNN-jild foar digitale stedsring

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert krijt 350.000 euro fan it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, SNN, foar de oanlis fan de digitale stedsring. It projekt hâldt yn dat yn en om de stêd in netwurk oanlein wurdt fan glêsvezelkabels.
Fia dy kabels kin ynformaasje hiel gau fan de iene nei de oare lokaasje ferstjoerd wurde. Mei it nije netwurk moat it festigingsklimaat foar ICT-bedriuwen yn de stêd ferbettere wurde.