Aksje stifting foar atelierromte

© Omrop Fryslân
De stifting Vredeman de Vries sit mei de hannen yn it hier wat de romte foar harren keunstners oanbelanget. Fiif jier lyn waard it keunstnerskollektyf tasein dat se in ûnderkommen krije soene yn it nije keunstsintrum De Infirmerie yn Ljouwert.
No docht lykwols bliken dat it Sintrum foar Byldzjende Keunst Fryslân alle njoggen ateliers fan it sintrum brûke wol foar har eigen keunstprojekten. De Stichting sil dêrom freed aksjefiere.