Frachtauto's net op brêge Hylpen

28 aug 2003 - 00:00

De brêge op de slûs fan Hylpen is net mear fertroud foar swier frachtferkear. Undersyk fan de gemeente Nijefurd toant dat oan. De kâns is grut dat de brêge nije wike al sluten wurdt foar frachtweinen boppe de tsien ton.

De Hylper ûndernimmers binne dêr net wiis mei, om't de brêge de ienige tagong is ta de stêd. De oanfier rint dêrom gefaar. Wethâlder Smit fan de gemeente Nijefurd wol no mei de ûndernimmers om tafel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)