Koart pleit oer fjoertoer Amelân

© Omrop Fryslân
De gemeente It Amelân mei de fjoertoer eksploitearje. De rjochter yn Ljouwert bepaalde tongersdei dat de gemeente it rjocht dêrta krijt. Fia in koart pleit hat de Amelanner Boersma besocht de eksploitaasje op te easkjen.
Foar't de toer sluten waard foar publyk, organisearre Boersma de beklimmingen. Dat wiene der sawat 70.000 yn it jier. De Stichting Amelander Musea, ûnderdiel fan de gemeente, sil de toer no eksploitearje.