Plysje heart Lusanne van der Gun

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei Lusanne thús ophelle foar in petear oer wat se de lêste dagen trochmakke hat. Neffens plysjewurdfierder Rambonnet giet it 'nei omstannichheden' goed mei har. De plysje set no alles op alles om de ûntfierder oan te hâlden.
De plysje hat yntusken al mear as 700 tips krigen oer de ûntfiering. In tiim Fryske resjersjeurs wurket op it stuit yn Limburch mei de plysje dêr oan it opspoaren fan 'e dieder.