Wachtlist by Caparis

© Omrop Fryslân
Sosjale wurkfoarsjenning Caparis yn Drachten hat op dit stuit in wachtlist fan 250 minsken. Wie de trochsneed wachttiid ferline jier noch 14 moanne, no is dy al 21 moannen. Dat komt troch de minne ekonomy.
Wat ek meispilet is dat it hieltyd dreger wurdt om yn 'e beneaming te kommen foar in útkearing. En dan bliuwt der noch mar ien oplossing oer. Oare fergelykbere bedriuwen yn 'e provinsje hawwe ek lange wachtlisten.