MER nedich foar lûdswâl

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân kin út ein sette mei de Miljeu Effekt Rapportaazje foar de lûdswâl yn it Drachtsterfeart- projekt. De easken dêr't sa'n rapport oan foldwaan moat, steane no op papier.
Om't der fersmoarge grûn yn de lûdswâl komt, makken omwenners en miljeugroepearrings earder beswier tsjin de oanlis dêrfan. De beswiermakkers hellen har gelyk by de Ried fan Steat, want dy besliste dat sa'n MER nedich is.