Museumhaven djoerder as tocht

27 aug 2003 - 00:00

Yn de oanklaaiing fan in nije museumhaven oan de Willemskade yn Ljouwert wurdt oardel miljoen euro stutsen. Der komme stegers, in flanearkaai en tal fan foarsjenningen foar de skippen dy't yn de haven komme te lizzen.

De gemeente Ljouwert betellet ûngefear 975.000 euro. It oare part komt út Kompasjilden. In noch op te rjochtsjen stifting krijt it behear oer de haven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)