Aksje tsjin ferdwinen bushaltes

© Omrop Fryslân
De yn- en útstapplakken fan busline 42 yn de wyk Lemsterfeart op 'e Lemmer moatte ferdwine. Mei yngong fan de nije tsjinstregeling soe de bus oer de Slúswei riden gean. Dat betsjut dat der in langere ôfstân leit tusken de haltes.
In tal minsken is it dêr net mei iens en is in aksje begûn. Minsken dy't it net mei it ferdwinen fan de haltes iens binne, kinne har hanteken sette op formulieren dy't by winkels lizze.