Essent ferleit gaslieding

27 aug 2003 - 00:00

Enerzjybedriuw Essent sil moandei de gaslieding ferlizze dy't dwers troch in rekreaasjefiver op rekreaasjekompleks Schatzenburg by Menaam leit. Dat seit de behearder fan it kompleks.

De fiver op it terrein is koarlyn útdjippe. Dêrby kaam de lieding foar it ljocht. Dy foarsjocht ûnder oaren Dronryp fan gas. Tongersdei wurdt it terrein om de fivers opnij ynsiedde, mei in gerssoart dy't stadich groeit. Dan hoecht minder faak meand te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)