Beatrix op Fryske wurkbesite

27 aug 2003 - 00:00

Keninginne Beatrix hat woansdei in wurkbesite oan Fryslân brocht. Se begûn har tocht troch it noardeasten fan de provinsje yn Koatstertille. Kommissaris fan de Keninginne Nijpels hat har dêr om tsien oere ferwolkomme.

Klaaid yn in fleurige oranje jurk mei in bypassende hoed begûn Beatrix de wurkbesite yn basisskoalle De Balkwar. Mei de keninklike bus reizge se dêrnei nei De Westerein. As lêste plak die Beatrix middeis Dokkum oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)