Subsydzje foar Thússoarch Snits

© Omrop Fryslân
Thússoarch Súdwest-Fryslân en de wen-soarchgroep De Frissel yn Snits krije in subsydzje fan 120.000 euro fan de provinsje Fryslân. De beide ynstellingen wolle út ein sette mei in projekt om de klanten better te helpen.
De klant kriget dêrby mear te sizzen oer it plak, de foarm en de ynhâld fan de soarch. Neffens beide ynstellingen is it dêrom wol nedich dat de meiwurkers op kursus gean. Se krije dan ynstruksjes oer de nije wurkwize.