Parkeargaraazje by provinsjehûs

© Omrop Fryslân
Op de Twibaksmerk yn Ljouwert komt in parkeargaraazje foar 270 auto's. It Hêge Hûs moat dêrfoar sloopt wurde. Deputearre Steaten ha dat fan 'e wike besletten. De provinsje wol foar de oanbesteging fan it wurk net sizze wat it kostje moat.
De behuzing fan de provinsje wurdt op it stuit ferboud. De parkearkelder ûnder it provinsjehûs ferdwynt. Oer de nije parkeargaraazje moatte Provinsjale Steaten yn septimber in beslút nimme.